Bijzonderheden

Bauke van der Woude en Daan Schaaf yn ’t Readtsjerkje


In tige noflik man, dy Bauke. Men fernaam it direkt al, tankber as hy wie dat de kommisje him holp mei it sjouwen fan de lûdsapparatuer, altiid in hiele klus.
In man mei in protte kwaliteiten. Al 40 jier op it podium; en 25 jier mei Campbell Forbes.  Dizze wie no mei fekânsje,  mar Bauke fûn  in goede ferfanger yn Daan Schaaf. 
Bauke hat jierrenlang  spile mei grutten as John Eskes en Hans Sambrink.


In ferhaal apart; dizze Daan. Nei in slim motorûngemak fûn hy by  – en mei –  Bauke in plak yn de muzyk . En wat is der treastender dan muzyk. En al hielendal as jo dat sels meitsje en dan tegearre mei in  libbensgenieter. Dat alles foel op syn plak dizze middei.
In prachtige miks fan lieten, oer de leafde, ôfskied, it earste bernsbern, út fan hûs by beppe;  yn Bauke syn wurden; oer it libben.
Daan is Bauke syn beskieden, mar betûft  begelieder op gitaar.
Noch mar koart wurkje sy tegearre , mar sy binne al hielendal op inoar ynspiele.
In moaie middei mei moaie libbenslessen, en dan giet it oer lessen dy’t net  ferplichte binne, mar lessen oer it genietsjen fan it libben.

https://youtu.be/xtJ26FsBkqQ

klik voor volledige artikel op onderstaande link.

http://www.muneinreadtsjerk.nl/nieuws/bauke/

Johan  de  Lange
Kultueriele Kommisje fan it Readtsjerkje